Douwe Douwstra


Poster



 

Jaargang 24 - nr. 1
maart 2001

 Inhoud 

 HOME 

"Mei in djippe sucht en in goed gefoel jout Jetze him del. It is klear.
Syn idoal sjocht him oan fanôf de grutte poster oan 'e wand oer syn bêd. Sy kin grutsk op Jetze wêze. Hy is de ideale fan. Ut poere oanbidding hied'er de hiele jûn en in grut part fan de nacht efter syn toetseboerd sitten. Mar no is it klear.

Hy sjocht nochris nei it laitsjende gesicht op de plaat oan de wand. Wat in frommis ... Hy hat der wolris oare prakkesaasjes oer hân, mar no tinkt er foldien: 'Sa is it goed'.
Yn 'e hoeke fan syn keammerke kuiert syn idoal oer it byldskerm fan de PC, ja de skermbefeiliging docht syn wurk.

Ut de lytse lûdsprekkers dy't er oanslute hat, weaget it lûd fan opspattende ballen. Sa no en dan komt de stim fan de skiedsrjochter wat op 'e foargrûn, "fifteen love, thirty love".
Benammen dat 'love' sprekt Jetze oan. Man hy is suver fereale ... en dat sil de wrâld fan him fernimme!
Dat mantsje dêr in Azië, mei syn 'I love you', dat wie bernespul. Eltsenien sil prate oer Jetze en syn idoal. En ek elkenien dy't it mar hawwe wol, kin fergees in plaatsje fan syn idoal op it skerm krije. Dat is syn doel, dat kin er, dêr is er goed yn.

Trije dagen letter ferskynt syn idoal yndie op tsientûzenen byldskermen oer de hiele wrâld. Kompjoetersystemen binne kompleet oerstjûr. En Jetze? Dy fernimt fan de útwurking fan syn 'wurk' en is sa skrokken dat er fuortendalinks nei de plysje rint en him oanjout. Dan dûkt er ûnder."

Dit lytse mearke spiele him in pear wiken ferlyn yn ús provinsje ôf. En de hiele wrâld hie it oer Snits. Benammen dy Amerikaanske kommentator dy't him ferûntskuldige foar syn útspraak fan de plaknamme 'Sneak'. Hy hie dat net sels betocht ...

No is Fryslân sa no en dan wat negatyf yn de publisiteit. It giet dan oer taal, it oplossen fan misdieden as it finen fan in plak foar in asylsikerssintrum. Dan docht bliken dat Fryslân net allinnich it lân fan kij is ... Wy hawwe ek in protte skiep en geiten.

En dêrom meie wy bliid wêze dat der oant no ta yn ús lân gelokkich noch gjin tongblier konstatearre is, en dat moatte wy sa hâlde. Mar dat oare firus, want dêroer giet it hjir fansels, dat raast fanút Snits oer de hiele wrâld. Mei Anna Kournikova as favoryt foar it gouden klokje.

De measte brûkers fan e-post kinne dit soarte fan ferhalen wol, mar dogge der neat mei. In minske is nijsgjirrich en tinkt dan net nei. Jo witte mar noait hokker plaatsje derby sitte sil. Krekt as mei de kaugom yn de fyftiger jierren.

Mar wat ik my no ôffreegje is at dy CCP, en wêr dat foar stiet is my ek net rjocht dúdlik, him wol realisearre hat wat der barre sil mei al dy e-posters op dy kompjoeter yn it doarpshûs. Miskien moat dêr ek mar in poster mei Anna oan 'e wand.

Mear wol ik der net fan sizze.


 
 Inhoud 

 HOME