Douwe Douwstra


Hannel



 

Jaargang 24 - nr. 2
april 2001

 Inhoud 

 HOME 

Jimme moatte it fuortendaliks mar witte. Ik hāld der mei op. Ik gean der net mei troch.
It like allegear sa moai ... in eigen bedriuw op it Ynternet. Sa'n sneupwinkeltsje mei fan alles wat. Siz mar in soarte 'Winkel fan Sinkel', mar dan digitaal.

Sūnt myn ūntdekking fan dit prachtig moaie nije medium en oantrśnd troch alle positive parsepublikaasjes wie ik wakker oan de slach mei it by elkoar skarreljen fan myn negoasje. In winkelman haw ik eins noait west, mar dit soe myn grutte kāns wurde. Krekt as de grutte supermerken, alle dagen besikers by tūzenen en de digitale kassa mar rinkelje.

De nije ekonomy soe my de opstekker fan de ieu bringe, sa tocht ik.
Mar dizze ūndernimming slagge net. It kaam net goed. Ik hie fansels wer ris te let west. It nije wie der al wer ōf. De sensaasje, siz mar de grutte hype is foarby. Winkelman wźze op it Ynternet is allinnich noch foar de grutte jonges. Jo witte wol, mannen mei śtspraken as: "Dit fearnsjier is it ferlies tanommen mei mear as hūndert prosint fan de omset. En mear is altyd better as minder".

Sjoch, dat koe myn winkelstje fansels net lije. Ik soe mysels as myn eigen jildsjitter net mear ūnder eagen komme kinne. Fan boekhālde haw ik net safolle ferstān, mar sokke sifers dat kin noait śt.

Dźrom haw ik myn konklśzje lutsen foardat myn firtuele Omke Dagobert dat dwaan soe. Noch foardat myn digitale ynstruiļng fan start gean soe, haw ik mysels dien jūn. Persoaniel wol ik net mear yn tsjinst ha. Ik sil de sakjende beurs foar wźze. Gjin grutte yntroduksje mei sjampanje op 'e beurs, neat gjin effektenhannel mei foarkennis, gjin gigantyske ferliezen ... Dan mar net yn de krante as op de tillevyzje. Dan mar gjin publisiteit, sels gjin positive. Gjin gouden hāndruk en al hielendal gjin opsjeregeling. Nee, neat fan dat alles. Wat in rźst.

Spitich is it wol dat myn 'puntfrl' noait syn doarren iepenje sil yn de firtuele mienskip fan websurfers en hurdriders op de elektroanyske sneldyk. Der bliuwt eins mar ien saak oer: wat doch ik mei myn hannel. Alles yn 'e hūs stean litte dźr hoech ik by Gretske net mei oan te kommen. Sy fynt dat ik sūnder myn hanneltsje no al tefolle romte brūk foar fan alles en noch wat. Mar wat dan te dwaan. Ik haw der lang oer neitocht en de folgjende oplossing fūn. Ik haw al myn negoasje opskreaun yn in notysjeboekje, it saneamde "Douwe's notitieboekje". Dat boekje haw ik oanbean foar publikaasje op de 4h-side. Dan kin elkenien op 'e sneup yn myn 'winkeltsje'.

Ik hoopje mar dat it 'Op 'e bel' komt.
Mear wol ik der net fan sizze.


 
 Inhoud 

 HOME