|
De gemeente Dongeradiel hat in miljeupriis ynstelt foar dy persoan, groep as ynstelling dy't him yn 'e lêste tiid it bêst ynset hat foar it miljeu. Miskien moat ik sizze 'ús miljeu', want alles wat net fan my is en ek net fan in oar is fan ús. Us gemeente hat dy priis dus ynstelt en salang't er noch net útrikt is, is it dus ek ús priis. Sa ienfâldich is dat.
Us priis sil it wol net bliuwe. Miljeu is net sa oan ús mienskip bestege liket it wol. Kuierje ris wat om it doarp en sjoch wat de lju allegear yn 'e bermen fuortsmite. Ien glêsbol net genôch.
Sa no en dan is der wolris in doarpsgenoat dy't mei in plastic pûde troch de bermen rint en dan al dy oerstallige blikjes, pakjes en flessen meinimt. In goed ynisjatyf, mar in drip op de bekende gleone stien fansels. En goed foar in priis?
No komt it regear my it útstel en lit de konsumint staasjejild betelje foar alle pakjes, blikjes en oar weismytguod. Feroaret dat wat oan de saak. My tocht fan net. It liket derop dit falt yn 'e kategorie hegere brânstofprizen en hegere aksyns op smokerij. Wy ride der net in kilometer minder om en smoke, ja wat moatte jo dêr fan sizze...
Dochs kin dit wol in positive side ha. Tink ris oan de ferienings. 'Wy ha groanysk jildtekoart', roppe se dêr altyd. No dan soe dit in moaie ynstruier foar dy clubs wêze kinne. Ien dei yn 'e moanne allegear in grutte pûde mei, wurkmoffen oan en de bermen yn. En dan mar sjonge 'De bermen yn, de diken lâns, foarút foar it grutte jild'.
No't ik dit skriuw komt my ynienen yn 't sin dat dit hielendal net kin. Sa'n ynsamling soe perfoarst in tal fragen oproppe. Ik jou in foarbyld.
It is moai waar en lytse Pyt giet op 'en paad. Hy sil ris efkes wat jild ynsammelje foar syn club. De moffen hat er fan pake, de grutte plastic pûde fan syn mem. Hy hat goed sin en sammelt en sammelt. In skoftke letter liket de berm al hielendal opkreaze.
Nei in lyts oere, it moat net te lang duorje fansels, rint Pyt nei it ynsammelstasjon by it bushokje. De folle pûde kin hy mar kwalik meitôgje. 'No Pyt, dat is in moaie opbringst foar dyn club', seit de ûntfanger fan tsjinst. Wylst er dat seit skuort de man al om yn de berch ôffal. Hopla dêr giet in jeneverflesse yn de glêsbol, in beerenburchflesse fljocht der efteroan. Mar Pyt sjocht dat de man neat oanslacht op it apparaatsje dêr't er de sinteraasje op byhâldt. Hoe kin dit? Gjin staasjejild op dy grutte flessen, in gûne hie Pyt tocht en miskien noch wol mear. No dat is foar Pyt gjin fraach, dy nimt er de folgjende kear net mear mei. Ja hy is gek, it smyt ommers neat op.
Sa gau't de ûntfanger de berch ferdield hat oer in tal containers en in pear kliko's, neamt hy it bedrach dat Pyt byelkoar skarrele hat. 'Foar hokker club moat ik dat notearje Pyt?', freget de man. Ja, freget lytse Pyt him ôf, wêr moat dat jild hinne. Hy sit op kuorbaljen, skake docht er ek en keatse fansels. Mar wêr moat de opbringst fan syn ynspanning hinne, hy wit it net. 'Jou it mar oan it miljeu', seit er wylst er fuortrint, de moffen fan pake noch oan.
Mar no noch in fraach, soe lytse Pyt yn oanmerking komme moatte foar dy priis fan de gemeente. Neffens my net. Eins soe sa'n priis net nedich wêze moatte. Wy soene allegear in bytsje mear oandacht oan it miljeu jaan moatte en smite ús rotsoai gewoan wer thús yn 'e kliko. Dy miljeupriis dêrfoar sil Hantum dit jier - noch - wol net yn oanmerking komme. Nee dit jier net. Mar ja, de 'geastlike' miljeupriis giet dit jier skynber ek oan ús foarby.
En mear wol ik der net fan sizze.
|
|
 |