10 vragen aan ...


Aart Denkers



 

Jaargang 24 - nr. 3
maaie 2001

 Inhoud 

 HOME 


  1. Wêrom hat jim nije ûndernimming wêr't jo mei jo kompanjon mei útein set binne, de namme “Harlekijn” krige?

    De efterlizzende gedachte is dat eartiids in joker as in harlekijn de minsken mei feesten op kastielen fermak-ken. Yn it wurk, wat wy no dogge, neist catering, op lokaasje feesten en partijen fersoargje, foene wy dit in passende namme. Om te foarkommen dat de minsken saken trochinoar helje soene, hawwe wy de bistro ek sa neamd.

  2. Wat is de reden dat jo yn ien fan de H'doarpen wenje?

    Ik bin hjir opgroeid, 7 jier wie ik, doe't wy hjir kamen. Ik wie ûngefear 13 jier doe't wy hjir wei giene. Hantum hat altyd wer lutsen. Doe't wy trouden yn 1980 wie hjir gjin hûs te krijen. Wy hawwe doe earst twa jier yn Dokkum wenne, dêrnei binne wy hjir kaam en de bern en myn frou en ik wenje hjir noch altyd mei grut plesier.

  3. Hokker foarsjenning soe yn jo eagen better kinne yn de gemeente Dongeradiel?

    Om oer ús eigen doarp te praten, der mocht wolris wat mear foar de jeugd organisearre wurde. Fierders fyn ik de foarsjennings yn ús gemeente goed.

  4. Hokker ding binne jo bysûnder oan hechte en wêrom?

    Ik bin tige wiis mei de teetafel, mei dêryn it servys fan ús 'Opa en Oma' út Den Haach. Ik bin dêr in protte útfanhûs west en bewarje dêr hiele moaie oantinkings oan, bygelyks dat wy mei de tram oeral hinne giene.

  5. Hokker berop hawwe as hiene jo en wat hâldt dat yn?

    Ik bin horeka-ûndernimmer. Dat hâldt yn dat ik ûnder oaren ynkeapje moat, betsjinje, planning maitsje, persoanielssaken regelje. Foar de catering gean ik faak nei de minsken ta om te sjen wat dêr thús by har mooglik is en dan te advisearjen.
    Dan is der noch de administraasje, mei net te ferjitten de rompslomp fan rigeljouwing ensafuorthinne.

  6. Wat is in Hichtepunt yn jo libben (west)?

    Doe't wy yn St.-Nyk wennen hiene se – en dat hawwe se no noch – elk jier in allegoaryske optocht. Ik wie doe 6 jier en mocht op in wein mei de titel 'Makkumer Aardewerk' trommelslager yn in tegel wêze. Oan d'oare kant stie in famke, dy't wer wat oars útbylde. Om net fan de wein te fallen sieten wy mei in tou oanelkoar fêst. Wy woenen doe de earste priis en dat wie in hichtepunt yn myn libben. Jierren letter wie dat de geboarte fan ús twa bern.

  7. Hawwe jo in funksje by in feriening?

    Ja, ik bin help-trainer by DTL.

  8. Wat soene jo yn it algemien belang graach oars hawwe wolle?

    Dat de minsken ris wat minder gau oardielje soene oer bepaalde saken en persoanen, sûnder dat se har der yn ferdjippe hawwe.

  9. Foar hokker persoan(en) hawwe jo grutte bewûndering en wêrom?

    Foar minsken dy't har ynsette foar de frede, benammen yn it Midden-Easten. Yn 't bysûnder haw ik grutte bewûndering foar Rabin, dy't dit mei de dea bekeapje moast.

  10. Hokker doarpsbewenner moatte wy neffens jo benei komme en hokker earste fraach moat wy him as har stelle?

    Annet Kingma fan Hantumerútbuorren en jo moatte har as earste fraach stelle: "Hoe soesto derop reagearje dat de feemerken ticht geane soene?"


Flater!
Yn de lêste HichtePunten is in flaterke slûpt by fraach 7 yn it petear mei Ankje Hijlkema.
Har antwurd wie:
"Ja, ik bin boade by de begraffenisferiening fan Hantum en Hiaure en helpboade fan Hantumhuzen."

Dat is hjirby rjochtset.

 
 Inhoud 

 HOME