Douwe Douwstra


File



 

Jaargang 24 - nr. 4
juny 2001

 Inhoud 

 HOME 

Oer it generaal haw ik in positive ynstelling. Ik mei wolris wat kleie oer it ien as it oar, mar fierders ... it sil wol goed komme.
Mar no haw ik fan 'e wike konstatearre dat wy hjir yn ús doarpen oppasse moatte. Wat docht bliken? Us gemeente nimt in foarsprong op it belied fan it regear. 'Tolpoortjes', 'kilometerheffing' it komt op ús ta sûnder dat wy der wat oer te sizzen hawwe.

Stadichoan komt it op ús ta. Earst yn de doarpen oan de trochgeande dyk fan Dokkum nei Holwert. Ja wis, de toeristen waarden earst allegear oanpakt. Jo moatte as gemeente witte wa't der oer jin grûngebiet giet, dêr komt de toeristebelêsting jin temjitte, dat smyt moai wat op, mar dêroer giet it hjir net.

Werom nei it útgongspunt. Jimme hawwe dy swarte triedsjes wol sjoen dy't oer de dyk lein binne, mei oan 'e ein sa'n lyts kastje. Alles wurdt registrearre yn dat kastje. Alles wat oan ferkear lânskomt wurdt fêstlein. Dat giet in bepaalde perioade sa en dêrnei wurdt dat alles analysearre troch in amtner fan de gemeente, de triedsjeman wurdt er wol neamd. Hy wit hoefolle fytsers in doarp yngean en hoefolle auto's as trekkers der krekt útgien binne. Dêrfan makket hy oersichten en dy spylje aanst in rol by it fêststellen fan de hichte fan de belêsting, want dat wurdt it yn myn eagen. Der wurdt no noch wol sprutsen fan in 'heffing', mar as it safier is dan betelje wy allegear in kilometerbelêsting. Want betelje sille wy.

De fraach dy oerbiuwt is hoe heech dy belêsting wêze sil. Betelje wy aanst ien taryf, as wurdt de saak yn groepen yndield. Dat jo yn in tritich-kilometergebiet in wat oar taryf betelje moatte as by it riden op in grutte trochgeande dyk. Dat soe in goed útgongspunt wêze kinne. Dêr't it drok is betelje jo krekt wat mear as yn stille gebieten. Siz mar dat jo yn 'e Rânestêd krekt wat mear betelje as op it plattelân. Want wy wolle meielkoar it fileprobleem oplosse. Dêr wolle wy fan it plattelân ek ús part oan leverje, mar wol yn ferhâlding ta it probleem. En dat bytsje file alle dagen om Ljouwert hinne liket wol in probleem, mar dat is it net. Dêr moatte gewoan in pear nije diken oanlein wurde en it is oplost.

Boppedat tinke se dat troch sa'n heffing it brûken fan it iepenbier ferfier stimulearre wurdt. No ferjit it mar. Der is hast net iens iepenbier ferfier op it plattelân. Ja, ien bus yn 'e oere, dêr't jo dan earst in kertier foar rinne moatte om by it bushokje te kommen. Om oer de trein mar hielendal net te praten. Sawat de helte fan it materiaal stiet stikken oan 'e kant. Dan moatte jo de auto wol brûke at jo teminsten earne op tiid wêze wolle.

Mar der is hjir mear oan 'e hân. It giet hjir oer de frijheit fan it yndividu, siz mar 'de man yn 'e strjitte'. As de frou fansels. Miskien wol yn omkearde folchoarder, mar dêr wol ik hjir no fierder net op yn gean. Der bin fêst wol froulju yn ús doarpen dy't my der fan oertsjûgje kinne dat ik de bêste folchoarder net oanhâlden ha. 4H-froulju lit ris wat hearre, it emailadres is hichtepunten@xs4all.nl. Ik bin benijd ...
En mear wol ik der net fan sizze.


 
 Inhoud 

 HOME