10 vragen aan ...


Anette Kingma-Holwerda



 

Jaargang 24 - nr. 4
juny 2001

 Inhoud 

 HOME 
  1. Hoe soesto derop reagearje dat de feemerken tichtgeane soene?

    Wy soene hielendal út ús ritme wêze, dat is no al sa, no't de merken tydlik noch ticht binne. Gjerryt (man) is no tiisdeis en freeds gewoan thús. Oars giet hy der tiisdeis 4 ûre nachts al ôf, want dan begjint de merk 7 ûre en freedtenachts giet hy der 1 ûre ôf, dan begjint de skieppemerk om 5 ûre. De konkurrinsje soe ek fuort wêze, want de prizen fan it fee wurde op de merk bepaald.

  2. Wat is de reden dat jo yn ien fan de H'doarpen wenje?

    Yn Ternaard, wêr't wy earst wennen, koene wy net útwreidzje, doe kaam dizze pleats frij mei alle lân om 'e pleats hinne, dêrom hawwe wy dizze doe kocht.

  3. Hokker foarsjenning soe yn jo eagen berter kinne yn de gemeente Dongeradiel?

    Neffens my hoecht der neat feroare te wurden yn ús gemeente, ik bin tige tefreden oer de foarsjenning.

  4. Hokker ding binne jo bysûnder oan hechte en wêrom?

    Myn auto, dêr soe ik hjir op 'e rûmte net sûnder kinne. Ek bin ik hechte oan myn goudene kettinkje, dat ik fan myn âlden krige haw en ik sels útsykje mocht. Ik haw it no sa'n 10 jier en noch noait ôf hân.

  5. Hokker berop hawwe as hiene jo en wat hâldt dat yn?

    Ik haw fanôf myn 16e oan't myn trouwen, doe wie ik 24, yn in winkel stien yn Nijtsjerk. No bin ik, kinne jo wol sizze, manusje fan alles ... sa as mem fan 4 bern, telefoniste fan ús bedriuw, efter helpe yn 'e drokke tiid, dus hoech ik my gjin tel te ferfelen.

  6. Wat is in Hichtepunt yn jo libben (west)?

    De ferhúzing 11 jier lyn hjir hinne, wy hawwe hjir in gouden plakje ... fansels ek it krijen fan ús 4 bern.

  7. Hawwe jo in funksje by in feriening?

    Ja, ik sit yn 'e feestkommisje fan Hantum e.o. en yn de "samenstel en nietploeg" fan Hichtepunten.

  8. Wat soene jo yn it algemien belang graach oars hawwe wolle?

    Dat de minsken ris wat minder gau oardielje soene oer bepaalde saken en persoanen, sûnder dat se har der yn fer

  9. Foar hokker persoan(en) hawwe jo grutte bewûndering en wêrom?

    Ik haw bewûndering foar Gjerryt myn man en myn sweager Andrys, hoe't dy harren hâlden hawwe oan de rigels yn ferbân mei de MKZ, wylst de skiep en lammen heal omkamen yn it lân.

  10. Hokker doarpsbewenner moatte wy neffens jo benei komme en hokker earste fraach moat wy him as har stelle?

    Jopie Wieringa fan de Hantumerhoeke en jo moatte him as earste fraach stelle: "Is jo libben ek feroare no't der in frou by jo yn 'e hûs kommen is?"


 
 Inhoud 

 HOME