- Is jo libben ek feroare no't der in frou by jo yn'e hûs kommen is?
Ja, in hiel stik, ik hoech sels net folle mear te dwaan yn it húshâlden, sa as itensieden en sa. Der is folle mear gesellichheid en fleur yn myn libben kaam, ik haw oeral mear nocht oan b.g. myn hûs en de tún. Wy geane tegearre op paad en besjogge in protte.
- Wat is de reden dat jo yn ien fan de H'doarpen wenje?
Ik haw myn hiele libben hjir wenne en wit net oars, wol haw ik in protte fan'e wrâld sjoen en meimakke, mar ik bin altyd bliid dat ik wer op myn âld stekky bin.
- Hokker foarsjenning soe yn jo eagen better kinne yn de gemeente Dongeradiel?
De jeugd sil it der wol net mei iens wêze, mar de bars soene earder ticht moatte, dat soe in bulte ellinde foarkomme.
- Hokker ding binne jo bysûnder oan hechte en wêrom?
Froeger hawwe se wolris sein dat ik mear oan myn âld tractor - in Porche - hechte bin dan oan in frou, mar it is no krekt oarsom, mar wy geane wol op 'e Porche nei it gemeentehûs as wy trouwe.
- Hokker berop hawwe as hiene jo en wat hâldt dat yn?
Ik bin altyd in frijbuiter west, mar de bisten gean foar alles en dan kom iksels.
- Wat is in Hichtepunt yn jo libben (west)?
De hichtepunten yn myn libben bin west dat ik al myn riidbewizen helle ha.
- Hawwe jo in funksje by in feriening?
Nee.
- Wat soene jo yn it algemien belang graach oars hawwe wolle?
Dat de minsken wat mear foar elkoar oer hawwe soene en net allinnich oan harsels tinke en wat fleuriger wêze soene.
- Foar hokker persoan(en) hawwe jo grutte bewûndering en wêrom?
Ik haw bewûndering foar Agatha, myn freondin, omdat se yn myn smoarge rommel komme woe en de boel sa moai oprêden hat en noch altyd docht.
- Hokker doarpsbewenner moatte wy neffens jo benei komme en hokker earste fraach moat wy him as har stelle?
Myn buorman Mient Hof en jo moatte him as earste fraach stelle: "Hoe is it om neist amtner hobbyboer te wêzen?"