Wat te melden?


Ynstoerde brief oan Piebe Priegel



 

Jaargang 23 - nr. 6
oktober 2000

 Inhoud 

 HOME 

Bêste Priegel,

   Jo reaksje op myn brief yn de lêste HichtePunten freget om in antwurd.
It fernuveret my al wat dat jo begjinne mei "Douwstra, moeten wij u kennen?". Dat is in fraach dy't net mear past yn dizze tiid fan 'globalisearring' dêr't jo skynber sa'n foarstanner fan binne. Op in oar plak yn HichtePunten skriuwe jo, as ien fan de meiwurkers, ommers oer de grutske plannen en gean mei it blêd en alles wat der om en ta giet op it ynternet. Priegel, as leafhawwer fan de smûke doarpsrûnte krije jo dan te meitsjen mei hiel oare saken. Dan komme der eameltsjes út hoeken en gatten op dizze wrâld dêr't jo miskien it bestean net iens fan wisten. Dan stiet der nim ik oan ek net standert boppe elts eameltsje dat de digitale doar útgiet "Moeten wij u kennen...". En dy eameltsjes gean aanst de doar út, tink dêr mar goed om :-}

   Ik kin it no witte, want ik haw jo advys folge. Ik haw in kompjûter kocht en my de lêste wiken ferdjippe yn alles wat mei e-mail te krijen hat. Om't ik al wat âlder bin gie it earst allegear net sa flot, mar it is perfoarst net sa muoilik as ik tocht hie. In bytsje de holle derby en in protte oefenje, dan komt it wol goed. Neffens my kin elkenien it leare. Faaks kin dat in stimulâns wêze foar de âldere lêzers fan HichtePunten: keapje in PC. Komt it net sa goed út doch it dan tegearre my freonen as buorlju, en begjin mei e-mailen. Priegel, jo hawwe gelyk. It is machtich. Alle dagen it digitale postbakje fol en dêrneist ek noch alle dagen warber yn 'de wondere wereld' fan ynternet. Man, ik fiel my hast in spesjalist ;-)}

   By dat e-mailen moatte jo wol wat acht slaan op in pear ienfâldige rigels. Sjoen de foarbylden fan ynternettaal dy't jo jouwe yn jo stikje, sil it jo net fernuverje dat dêr in wurd foar útfûn is: nettiquette. Siz mar it 'hoe en wat' fan e-mail. In pear gouden rigels binne bygelyks dat jo alle dagen eefkes yn de elektroanyske postbus sjogge en dat jo altiten in antwurd jouwe op in eameltsje. Dan wit de ferstjoerder dat it goed oankommen is. En yn de tekst net allegear haadletters brûke, dat is ek sa'n rigel. Dat jout gjin foech. Dat wurdt opfette as roppe en raze. En dat bart sa al genôch. Mar Priegel, jo brûke neffens my e-mail krekt as de tillefoan, eefkes in eameltsje stjoere. Wa wit komt it by my ek nochris safier. Ik bin tige entûsjast oer dit kommunikaasjemiddel! Jo krije noch wolris faker in eameltsje fan my :->}

   Binne jo trouwens ek fan de earste 'Suske en Wiske' generaasje? As binne jo noch net sa âld? Wêrom freechje ik dat, dêr skûlet wat. Jawis! In reklamekampanje fan de winkelman dy't op de lytskes past. As aardichheidsje krije jo fan dy lytse popkes fan 'Suske en Wiske' figueren by tal fan artikels. Keapje fiif pakjes margarine mei sa'n blau strikje derop en krij sa'n popke fergees. Aardich foar de pakesizzers tinke jo dan, mar wat moatte wy mei ús beiden yn 'e frede mei fiif pakjes margarine? Dat brûke wy net iens, wy hawwe altiten halvarine en olive-oalje, dat is better foar it hert. Noch sa'n oanbieding: trije potten nútsjesmoar. Dêr kinne wy in hiel jier mei ta. Mar ja, dy aksje is noch net foarby dat wa wit komt der ek noch wat foar ús foarby. Sa'n figuerke fergees by in pôt soere hjerrings. Jo witte mar noait ... :^)}

   It komt safier dat wy yn 'e takomst boadskipje by de ynternet-winkelman, dat is my de lêste wiken wol dúdlik wurden, mar hokker presintsjes krije wy dan by ús bestelling? Tsien tillefoantikken fergees? Priegel foar jo miskien it lêste nûmer fan jo favoryt Anneke Douma: "It romteskip". As is dy hiele presintsjeboel dan ôfskaft en betelje wy as konsumint gewoan legere prizen. Wy witte it net. Mar digitaal segeltsjeplakke liket my ek wol wat. Sa'n bytsje as airmiles, mar dan krekt eefkes oars. Priegel jonge, jo sjogge it, de 'nije ekonomy' hat my hielendal yn 'e besnijing. Ik bin der suver optein fan. Hielendal no't ik wit dat it 'daltaryf' by KPN al om sân oere jûns yngiet. Skeelt moai wat jild no't ik in oere langer yn 'daltiid' surfe kin. En dat alle dagen wer. It kin hast net op <:-)}

   Ta eintsjebeslút noch dit. It útstel dat jo dogge dat wy elkoar treffe by nije moanne by it bushokje komt my wat frjemd oer. As ik yn HichtePunten de ferslaggen fan de lêste gearkomsten fan Doarpsbelang goed lêzen haw, dan is it mar krekt de fraach wêr't dat hokje komme sil. Mar faaks haw ik in nûmer mist. Tsjin de tiid dat dy plannen realisearre binne dan sjogge wy wolris wer. Op 'e dolle rûs midden yn 'e nacht yn Hantum en omkriten sykje om in bushokje dat giet my te fier. Dat is net myn styl. Mear wol ik der net fan sizze...

Mei groetnis,
Douwe Douwstra, IFOU

 
 Inhoud 

 HOME