Brief út Kanada


Hoi allegearre,



 

Jaargang 23 - nr. 8
januari 2001

 Inhoud 

 HOME 

It is no al wer 6 maand lyn dat wy de grutte stap dien ha.
It wie foar ús, de famylje,de freonen en bekenden in spannende tiid.
Nei in lange tiid fan grutte en lytse twifels én in "hartferwaarmjend" ôfskie op 17 juny '00, binne we hjir op 18 juny '00 te lâne kwaam.
It is ûnfoarstelbaar dat we hjir al wer in heal jier wenje. It is ek ûnfoech hoefolle Nederlanders hjir wenje!! We ha ûndertusken al hiel wat minsken kennen leard en se binne allegear like freunlik en behulpsaam.

Tot no ta ha we in shop (ferwaarmd wurkplak / loads) bouwd en in lytse iepen front stâl.
We mestte nl. keallen ôf foar in boer, dy't se wer ferkeapet oan in slachthús.
We ha ek in hynder : Stardust. En dy past wer op ús 12 skiep. Kajoty's (wylde hûnen) binne nl. gek op skiep. At dy hûnen yn'e buurt binne (do kinst se 's nachts wol janken hearre), dan geane de skiep allegearre om it hynder stean en dy skrikt de kajoty's ôf.
Ek ha we de tún fierder oanlein. Dy is sa grut, dast in hiele dei meanen hast.
It waar is hjir prachtich: 9 fan de 10 dagen skynt de sinne!!
We ha fanôf 18 juny tot no ta ûngefear yn totaal 5 dagen rein hoan. Wol wie der yn dy periode in protte ûnwaar, swierder dan wy went wiene yn Nederlân..... Mar dit wie altiten 's nachts.
We sille it kommende foarjier begjinne mei de bouw fan de bargestâl. At alles goed giet, komme begjin septimber de earste lytse bargen der yn. Dy mestte we dan yn ± 12 wiken ôf.
It is allegearre nij foar ús en dus in nije útdaging wêr't we best wol sin oan ha!!

Mei de bern giet it prima, ek op skoalle giet it hiel goed.
It wie foar ús ûnfoarstelbaar, sa fluch at se Engels prate koene!! It gie gewoan boartsjenderwiis.
Allinnich it skrieuwen wie foar hun wol efkes wennen. Wol deselfde letters, mar in oare útspraak.
Se wurde moarns om goed 8 oere ophelle mei de skoallebus en wurde middjes om goed 15.30 wer thús brocht. At it hiel min waar is (pottichte mist / oergriselik kâld / sniestoarm), ha se gewoan frij.
Elke freed krije se "hot lunch" (waarm iten) op skoalle.
En elke dei ha se gymnastyk of in volleybal of fuotbal wedstriidsje binnen of búten.
Se geane oant en mei hun 15de jier (oant en mei grade 9) nei Clive nei skoalle en dan geane se mei de bus nei Lacombe oant en mei grade 12 (dan binne se ûngefear mei hun 18de klear).
Marrit sit yn grade 1 (groep 3), Steffie yn grade 4 (groep 6) en Simon yn grade 7 (Dokkum).
Wat de sport betreft kinne se alle kanten út. Mar hockey hat wol hun foarkeur...

We ha momenteel skitterend waar!! It skommeld oerdeis tusken de - en de + graden C. En 's nachts om en nabij de -15 graden C. De snie (dy't in pear wiken lyn hjir fallen is) is sawat wer fuort!! Hjir en dêr, yn'e skaadplakken, leit noch in bytsje.... It is sacht foar de tiid fan it jier...
Mar.... hearlik en sûn waar!! At it lukt, stjoere we wol wat mei de post mei!! Want sa te hearren is it waar yn Nederlân mar "pet"...

We hoopje dat jimme hiele gesellige dagen ha meie en in sûn 2001, en ik soe sizze: "Kom es loans at jimme yn'e buurt binne!!"


De groetenissen fan ús allegearre,
Meindert, Hanneke, Simon, Steffie en Marrit


 
 Inhoud 

 HOME