Hjirby it gesin Hielema om 1915 hinne.
Fan rjochts nei lofts: Wachteres frou Hielema. Ploechbaes H. Hielema. De soannen Jacob en Evert.
De muorren fan 't stasjon binne mei djûre reklamebuorden beslein. Fan geëmailleard metael, les ik. Delft veekoeken. Gouda nachtlicht. Leeuwarder Courant. Bensdorp cacao en Blank reep.
Wer ris hwat oars as de witer dan wyt sjipoeijer, dêr't wy alle dagen by de reklame foar de televyzje mei de noas op drukt wurde.
De draei-ynrjôchting fan de slútbeammen is njonken Hielema senior to sjen.
Frou Hielema founen wy in strange mar ek gewichtige frou. Hja hie it ommers yn 'e macht de trein stopje to litten.
Ek die se sa 't it my foarstiet in kape of swarte mantel om. In hoed mei in reade bân derop op. Sa swaeide se dan mei har spegelaei.
By 't hjerst as ist lânwurk birêdden wie, de baerch slachte giene wy in dei nei Ljouwert mei de trein.
As wy dan yn 'e holle wachtkeamer sieten op frou Hielema to wachtsjen dy 't kaertsjes forkocht, wie ik wolris bang dat se ús forgeat. Né hear! It lûkje kaem iepen en frou Hielema stie yn in lyts fjouwerkantich hokje kaertsjes to forkeapjen.
En dan it greate momint, it ynstappen as de trein foar stie. Ik leau dat ik dan senuweftiger wie, as nou om yn in fleantúch to stappen.
Dyjinge fan ús dy 't net oan bar wie om hwat nijs mocht op 't Saeilân in strinkje kralen foar dûbeltsje útsykje.
Wy soene ek in kear meielkoar op 'e foto. "Foto Duiker" yn Ljouwert makke as earste kleurenfoto's! Dat sil om 1930 hinne west ha. Us mem sei foarútstribjend: "Dan fuort mar yn kleur".
Mar och dat koe net. It koe allinne mar yn ljochtgrien, blau of rose, pasteltinten dus. En dan ien allinne derop.
Hierbij het gezin Hielema rond 1915.
Van rechts naar links: wachteres Mw. Hielema, ploegbaas H. Hielema en de zonen Jacob en Evert.
Op de muren van het station zijn dure reclameborden aangebracht. Van geëmailleerd metaal, lees ik. Delft veekoeken. Gouda nachtlicht. Leeuwarder Courant. Bensdorp cacao en Blank reep.
Weer eens wat anders dan de witter dan wit waspoeder, waar wij alle dagen bij de televisiereclame met de neus op gedrukt worden.
De draai-inrichting van de spoorbomen is naast Hielema senior te zien.
Wij vonden Mw. Hielema en strenge, maar ook een belangrijke vrouw. Zij bezat immers de macht om de trein te laten stoppen.
Ook deed ze, zoals het mij voor de geest komt, een cape of zwarte mantel om. Een hoed met een rode band erom op het hoofd. Zo zwaaide zij dan met haar spiegelei.
In de herfst als het landwerk gedaan en het varken geslacht was, dan gingen wij een dag naar Leeuwarden met de trein.
Als wij dan in de holle wachtkamer zaten te wachten op Mw. Hielema die de kaartjes verkocht, dan was ik wel eens bang dat ze ons zou vergeten. Nee hoor! Het luikje ging open en Mw. Hielema stond in een klein vierkant hokje kaartjes te verkopen. En dan het grote moment, het instappen als de trein klaar stond. Ik geloof dat ik dan zenuwachtiger was dan nu bij het instappen in een vliegtuig.
Degene die bij ons niet voor iets nieuws aan de beurt was, mocht op het Zaailand een strengetje kralen voor een dubbeltje uitzoeken.
Wij zouden ook met elkaar op de foto. "Foto Duiker" in Leeuwarden maakte als eerste kleurenfoto's. Dat zal rond 1930 zijn geweest. Moeder zei vooruitstrevend: "Dan meteen maar in kleur". Maar nee, dat kon niet. Het kon dus alleen maar in lichtgroen, blauw of roze, pasteltinten dus. En dan maar een tegelijk erop.