In slachje om yn Hantumhuzen | Een straatje om in Hantumhuizen

Wetterbehearsking 1/2

De wettermoune yn it Hantumerleech

Nou 't wy dochs oan 'e wei nei Hantumerútbuorren binne wol ik hjir eefkes fierder gean.
Ik lês dat yn 1786 de Hantumerútbuorren bistiet út in samling fan festroaide buorrens. Mei de namme Raard, Bierum, Medent Germerhuzen en Nijenhús. Is dit lêste misskien de Nijhúster piip wurden? Nijenhús leit oan de Paezens.
Meielkoar hiene se 13 stemgerjochtige pleatsen. Hantumhuzen hie yn dy tiid 16 en
Hantum 21½ stemdragenden.

Hantumhuzen lês ik is lyts mar, hat in aerdich greate buorren, mei en dat ha dy oaren net,
adelyke staten as Heringa Popta en Peyma.

Op de foto de moune nochris fan it Hantumerleech yn folle gloarje. It tuorke fan 'e Jouster tsjerke kinne wy noch krekt sjen tusken it hûs en in blokje hea. Boppe it hea komt de pleats fan Banga útkypjen.
Oan 'e lofterkant fan de moune de pleats fan de Hoop. Rjochts it brechje nei it fuotpaed Hantum - Lytselea.
Hjir hat jierren lang de moundersfamylje de Klein wenne.
It polderwetter waerd útmeald yn 'e Hantumerfeart en troch de Sytsma's fan Hantumerútbuorren fia de Stoney-slús ôffierd nei East-Dongeradiel.

De moune stiet hjir yn in simmerske rêst. De einkleppen fan 'e wjukken.
Dizze moune is boud yn 1880 troch mounemakker G.R. fan Wieren út Janum, de skoanheit fan H. Castelein út Hantum.

• • • •  Home | In slachje om ... | E-mail  • • • •



Waterbeheer 1/2

De watermolen in het Hantumerleech

Nu wij toch op de weg naar Hantumeruitbuteren zijn, wil ik hier even verder gaan.
Ik lees dat in 1786 de Hantumeruitburen bestaan uit een verzameling verstrooide buurten. Met namen als Raard, Bierum, Medent Germerhuzen en Nijenhuis. Is deze laatste misschien de Nijhuister pijp geworden? Nijenhuis ligt aan de Paezens.
Bijelkaar hadden ze 13 stemgerechtigde plaatsen. Hantumhuizen had in die tijd 16 en
Hantum 21½ stemdragenden.

Hantumhuizen lees ik is klein, maar heeft een aardig grote dorpskom, plus en dat hebben de andere niet, adellijke states als Heringa Popta en Peyma.

Op de foto nog eens de molen in het Hantumerleech in volle glorie. Het torentje van de kerk van Hiaure kunnen wij nog net zien tussen het het huis en het hooibergje. Boven het hooi komt net de boerderij van Banga uitkijken.
Aan de linkerkant van de molen de boerderij van De Hoop. Rechts het bruggetje naar het voetpad Hantum - Lytselea.
Hier heeft jarenlang de molenaarsfamilie De Klein gewoond.
Het polderwater werd in de Hantumervaart gemalen en door de Sytsma's in Hantumeruitburen via de Stoney-sluis afgevoerd naar Oost-Dongeradeel.

De molen staat hier in zomerse rust. De eindkleppen zijn van de wieken gehaald.
Deze molen is gebouwd in 1880 door molenmaker G.R. van Wieren uit Janum, de schoonvader van H. Castelein uit Hantum.