Column


Skūtsjesile is myn nocht ...



 

Jaargang 24 - nr. 6
oktober 2001

 Inhoud 

 HOME 

    As ik mei myn skūtsje troch Fryslān wer gean
    Dan tink ik sa faak: Bleau dy tiid mar ris stean
    Skūtsjesile is myn nocht, lavearje en soms foar de wyn!



Dit ferske sit my no de hiele dei yn'e holle. Op'e fyts, ūnder it ōfwaskjen, by in doarpsgenoat yn de auto, it wol der mar net śt.

Op'e lźste sneon fan septimber bin ik mei myn ālde maten in dei mei it skūtsje 'In nije dei' te farren west oer de Fryske marren. Ien kear yn it jier organisearje twa fan śs in soarte fan freonedei earne yn it lān. Want de ālde maten wenje yn alle śthoeken fan Nederlān en meastentiids wurdt der in plak śtsocht wat foar de measten wat sintraal leit. Ferline jier wie dat Skoorl, ek moai. Mar in dei oer de Fluessen en de Sleattemermar is dochs wol it ultime Fryslān gefoel. Boppedat binne wy allegearre grut wurden by de Sleattemermar en as jo der dan foarby skowe op sa'n machtich skūtsje, dan komme de ālde herinneringen wer boppe: kanofarre (in oere foar twa kwartsjes), swimme, fiskje en sile mei de freonen. Tsjonge, wat giet de tiid dan hurd.

En dan byprate fansels. Elk hat syn eigen ferhaal. Soms mei in weemoedige ūndertoan, soms in ferhaal mei frustraasje, mei ūnwissens en lilkens. Want it is net neat as jo baan nei sa'n 20 jier op'e tocht komt te stean. Samar in sikehūs ticht yn Amsterdam. Guon op strjitte, wźr kinne jo dan te plak en binne jo dan net te āld? As wenje yn Den Haach en dan elke dei in oere ūnderweis nei Rotterdam dźr't jo je wurk ha. File is foar harren hiel gewoan. Bern dy't nei skoalle ta brocht wurde moatte om't it allinne oer strjitte net fertroud is. In oaren moat in kommunikaasje-kursus folgje om't der by syn wurkjouwer net goed oerlein wurdt. Se sjogge der net frjemd fan op dat guon yn it bedriuw mei itselde dwaande binne, wylst se it net fan elkoar witte.

En ik? Wat ha ik yn te bringen?
Dat wy o sa fredich wenje? Dat śs bern allinne op it fytske nei skoalle ta skowe? Dat ik oer myn wurk neat te kleien ha, as dat ik net wit wat in file is?
Se sjogge my oan as kom ik śt in oare wrāld …

Ien fan myn maten stjoert it grutte skūtsje behindich troch it soal fan de Fluessen. Syp, dy't as bemanning mei is, hoecht neat te dwaan. Hy stiet parmantich mei syn keale holle, earbeltsje en syn skūtsjebroek op it dek śt te sjen. “Offalle Ulbe ...!” Wy ha śs stjoerman mar Ulbe neamd, want hie stjoert it skip as kaam hy śt in āld skipperslaach. In oare maat, dy't ek tusken de sylboaten grut wurden is, neame wy Rienk. Der moat wat humor by, is't net sa?!

Op'e Sleattemermar fielt it wedstrydskip, dat der leit omdat der in bedriuwenkompetysje oan de gong is, dat gefoel perfekt oan en 'sjit śs ōf' as wy passearje. Wy jūchheie as hiene wy de SKS-kompetysje wūn.

Op it wetter libje jo yn in oar tempo. Binne minsken fleurich en wiuwe nei elkoar as komme wy allegearre śt itselde doarp. Prachtige reidkragen, bysūndere fūgels en klotsend en skūmjend wetter. Stadich skowt de dei foarby en 'ūntstresst' stappe wy wer oan wāl. Under it 'captainsdinner' ha wy it der noch even oer en klinke elkoar sūnens ta.

As ik dan sa jūns nei it noarden ta rydt, dan sjit my foar it earst it ferske yn't sin. Hoe wier kinne dizze pear rigels wźze. Hie'k nea sa by stil stien. Wy wenje yn it bźste lān fan ierde en wat is it yn it skiere septimbersintsje prachtich op harren wetter. It is wolris goed om dźr op sa'n dei by stil te stean ...






Eerder verschenen columns van Piebe Priegel


 
 Inhoud 

 HOME